- Login of registreer om te kunnen reageren
Door Nanne Hoekstra op 02 november 2016 om 23:52
Alle Frysktaligen dy’t wiis binne mei it Frysk kinne daliks úteinsette mei it oerdragen fan sa’n fiif Fryske wurden deis oan net-Frysktaligen dy’t de taal behâlde wolle. It projekt is grut mar fergees en maklik te realisearjen, want it is mei sizzen al te dwaan en der hoecht neat organisearre te wurden. Elkenien soe sels in taalmaatsje sykje kinne. Mar sa strukturearre hoecht it net iens. Praat gewoan tsjin elkenien Frysk en jou der in oersetting by fan de wurden dy’t net daliks ferstien wurde. Sykje ris wat moaie wurden op dy’t jim net safolle mear hearre – lês foar ynspiraasje in Frysk boek of sjoch op Startside.frl foar Frysktalige websiden – en brûk dy ek wer ris. Trúnje oaren oan om itselde te dwaan. It is allinnich in útdaging om troch bewende patroanen hinne te brekken. Mar dat is no wol nedich. Oars fergiet ús kultureel erfskip.